Lantearnepeallen fernield Burgum

08 aug 2006 - 15:04

Yn Burgum binne sneintemoarn betiid 15 lampepeallen fernield. Se stiene op de Lagewei, de Trambaan, de Tussendijken, de Freek Bosgraafstrjitte en de Elingsloane.

De dieders ha it lûkje fan de peallen fernield, sadat it binnenwurk derút lutsen wurde koe. Dêrtroch kamen de elektrisiteitstriedden bleat te lizzen. In meiwurker fan stroomleveransier Nuon hat alles wer yn oarder meitsje moatten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)