Lantearnen Ljouwert oerdei oan

12 jan 2010 - 13:54

Yn in grut part fan Ljouwert baarne op dit stuit de strjitlantearnen. Dat is it gefolch fan in steuring yn de apparatuer dy't soarget foar it yn- en útskeakeljen fan de iepenbiere ferljochting. Neffens enerzjy-netwurkbehearder Enexis is it pas yn de rin fan nije wike dat de steuring definityf ferholpen wurde kin.

De gemeente Ljouwert seit dat der tydlike maatregels nommen wurde wêrmei't de lantearnen oerdeis dochs safolle mooglik útset wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)