Lânskipspark Smellingerlân

07 jan 2006 - 12:08

It CDA Smellingerlân wol in lânskipspark yn de gemeente. Yn it 80 bunder grutte natuergebiet moatte minsken harren fermeitsje op fyts- en kuierpaden en mei wetterpartijen. De partij hat dêrfoar trije gebieten op it each. Foar in nij park moatte der ek beamen en boskjes oanplante wurde.

Mei-inoar wol it CDA de kommende tsien jier 4 oant 5 miljoen euro yn it park stekke. It plan wurdt tiisdei oanbean oan wethâlder Veenstra.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)