Lânmacht oefenet by Bûtenpost

23 sep 2007 - 12:27

De Keninklike Lânmacht oefenet tiisdei en woansdei yn Bûtenpost. Sa'n sechtich militêren dogge mei oan de oefening. Dy wurdt holden as tarieding op de útstjoering nei Afganistan begjin takom jier.

De militêren komme mei in militêr konfoai nei Bûtenpost ta. De militêre foertugen sille net troch it doarp sels ride. De patrûlje wurdt fanút militêre weinen observearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)