Lanlike wurkgroep asylsikers

26 mrt 2003 - 00:00

Der moat in lanlike wurkgroep komme dy't har ynset foar asylsikers dy't driigje útset te wurden. Yn Warns is in groep minsken dy't sa'n lanlik platfoarm oprjochtsje wol. Woansdeitejûn sille se beslute oft se dit plan trochsette.

De famylje Mahoemed wennet al njoggen jier yn Warns. Noch altiten binne se ûnwis oft se bliuwe kinne of net. De pleatslike befolking stiet achter de famylje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)