Lanlike stakingsdei ûnderwiis

21 des 2011 - 10:38

Mear as hûndert learlingen fan OSG Sevenwolden op It Hearrenfean binne tiisdei nei Amsterdam om te staken. Se protestearje tsjin it beslút fan de minister fan ûnderwiis om 1040 lesoeren yn it jier yn te stellen. No krije learlingen fan it fuortset ûnderwiis 1000 oeren les yn 't jier.

De staking is in inisjatyf fan it LAKS, it Landelijk Actie Komité Scholieren. Dat is benaud dat mei de ferheging learlingen in soad oeren krije dêr't se neat te dwaan hawwe. Der binne net genôch dosinten op skoallen om de ekstra oeren te jaan. It protest begjint tiisdeitemiddei om twa oere op it Museumplein.

Der wurde mear as tsientûzen learlingen út hiel Nederlân ferwachte. It ûnderwiisfakbûn AOB hat ek al aksjes oankundige. Op 26 jannewaris stake de dosinten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)