Lanlike priis foar Ecostyle

16 sep 2013 - 17:01
  • Priisútrikking Ecostyle
  • De priis it Breaamsertifikaat

It nij oan te lizzen ekologysk bedriuwepark fan Ecostyle yn Eaststellingwerf kriget in priis foar duorsum bouwen. It giet om it saneamde Breeamsertifikaat. Ecostyle kriget 5 stjerren fan de sjuery, dy't it idee 'outstanding' neamt. De útrikking is yn Den Haag yn oanwêzigens fan deputearre Konst en boargemaster Oosterman fan Eaststellingwerf.

Inisjatyfnimmer Anne Jan Zwart fan Ecostyle nimt it sertifikaat yn ûntfangst. It ecobedriuweterrein is der noch net. De oanlis begjint takom jier jannewaris.

De oerlanging fynt plak op de iepeningskonferinsje fan de Dutch Green Building Council. It ekologyske bedriuwepark kriget stipe fan de provinsje Fryslân. Oant no ta waard it sertifikaat inkeld foar duorsume gebouwen útrikt, mar no dus ek oan in duorsum bedriuwepark. Moandeitejûn is op de 'Fryske Ambassade' yn Den Haach in feestje om de priis te fieren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)