Lanlike polityk lûkt mear oandacht as Fryske tema's

11 mrt 2015 - 15:57

Oer in wike binne de Provinsjale Steateferkiezings. De lanlike polityk yn Den Haach lûkt op dit stuit alle oandacht mei in ôfgeande minister en steatssekretaris. Foar regionale listlûkers moat dat frustrearjend wêze. Se hâlde lykwols yn harren kampanje fêst oan tema's dy't yn Fryslân spylje. Dy tema's lykje no ûnder te snijen.

De útslach fan de ferkiezings is dizze kear wichtiger as oait foar de gearstalling fan de Earste Keamer. Fjouwer jier lyn wie it opkomstpersintaazje yn Fryslân 58 persint. De Steateferkiezings binne 18 maart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)