Lanlike opkomst: 24%

28 nov 2008 - 17:22

Net 15 prosint fan de Nederlanners, mar 24 prosint hat syn stim útbrocht foar de Wetterskipsferkiezings. Dat hat de Unie van Waterschappen bekendmakke. Earder freed kaam it ANP mei in opkomstpersintaazje fan 15 prosint. Dat blykt ferkearde ynformaasje te wêzen.

Yn Fryslân brocht 27,9 prosint syn stim út. Fryslân stiet dêrmei lanlik op it fjirde plak. Lanlik stimde 24 prosint. Yn Seelân waard it meast stimd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)