Lanlike kampanje foar elzesingel

02 mrt 2006 - 12:18

Yn Beetstersweach begjint tongersdei in lanlike kampanje om de elzesingels yn Nederlân te rêden. De ieuwenâlde beamwâlen skiede stikken lân en binne tige wichtich foar de natoer.

Foar it behâld fan de beamwâlen is neffens Lânskipsbehear Fryslân twa miljoen euro ekstra nedich. Fan dat jild moatte net-beskerme singels opknapt wurde. Boeren yn de noardlike Fryske Wâlden moatte dêrfan in hegere fergoeding krije foar it ûnderhâld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)