Lanlike gedichtedei

30 jan 2003 - 00:00

Mei in moarnsbrochje en in gedicht is tongersdei de lanlike Gedichtedei yn Ljouwert begûn. Yn De Harmonie wienen 150 minsken op it evenemint ôfkommen. Se harken nei fersen dy't foardroegen waarden troch akteur Joop Wittermans en programmamakster Gryt van Duinen.

Mei de lanlike gedichtedei wol de organisaasje mear omtinken jaan oan dichtkeunst. Boargemaster De Boer fan Ljouwert lies har favorite gedicht foar fan Tiny Mulder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)