Lanlike advertinsje Dantumadiel

14 apr 2004 - 00:00

De gemeente Dantumadiel sil as earste Nederlânske gemeente yn lanlike kranten advertearje foar in nije boargemaster. Normaal setten gemeenten in advertinsje yn de Staatscourant.

De fertrouwenskommisje en de gemeente Dantumadiel wolle lykwols breder sykje. Se hoopje sa mear goede kandidaten te krijen. De sollisitaasjeproseduere moat yn juny klear wêze. De hjoeddeistige boargemaster Jan Eggens hâldt 1 septimber op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)