Lanlik omtinken foar Makkingea

03 okt 2013 - 16:35
  • PvdA-keamerlid Lutz Jacobi

PvdA-keamerlid Lutz Jacobi wol besykje de famylje Lemmens út Makkingea yn kontakt te bringen mei steatssikretaris Sharon Dijksma fan Lânbou. Op dy manier moat it mooglik wêze om oplossings te finen om it gefaar mei dongsilo's te ferminderjen.

De famylje Lemmens ferlear harren soan Mark yn july fan dit jier by it dongsilo-ûngelok fan Makkingea. Njonken harren soan foelen der noch twa deadlike slachtoffers. De famylje wol berikke dat harren soan it lêste slachtoffer wie fan it wurkjen mei dong. Boeredochter Lutz Jacobi set har dêr no foar yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)