Langwarder merke en klompkesilen stean faai

13 okt 2015 - 11:42

De takomst fan de Langwarder merke en it klompkesilen fan Langwar stean faai. Nei hast 88 jier is der net mear genôch animo ûnder de Langwarders om alle aktiviteiten te organisearjen. As der gjin nije bestjoersleden komme foar it bestjoer fan Vereniging Van Volksvermaken (VVV) fan Langwar, dan lûkt it hjoeddeiske bestjoer de stekker op 1 jannewaris 2016 der út.

Hette van Dijk en Douwe van der Schaaf fan Langwar wolle net dat de tradisjonele eveneminten ferlern geane, en komme no yn aksje. Sy hawwe har meld as nije bestjoersleden en binne op syk nei fersterking.

Twa bestjoersleden is te min, fine sy. De aksjefierders hawwe al briefkes útdield mei de oprop om ek bestjoerslid te wurden. It wachtsjen is no op mear oanmeldings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)