Langste tafelkleed ôf

13 okt 2010 - 14:29

It langste tafelkleed fan de wrâld is klear. Fjouwer famkes op Flylân ha mei har beppe in kleed naaid fan 2010 meter. Se brûkten âlde tafelkleden en bêdeguod. Tanja, Julia, Sam en Isis ha al trije jier naailes fan Oma Jo.

Mei dit kleed hoopje se yn it Guinness Book of Records te kommen. It rekôr stiet no op 1736 meter. Op 24 oktober wurdt it kleed útrôle op de Doarpsstrjitte. De tsien parten wurde dan oan elkoar naaid. De boargemaster sil it offisjeel opmjitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)