Langmanjild út ryksbegrutting

21 sep 2004 - 17:03

De ekonomyske stipe fan it ryk oan it noarden, de saneamde Langmanjilden, steane net op de nije begrutting fan it ministearje fan ekonomyske saken. Steatsiktaris Van Gennip hat de hast 60 miljoen euro in oare bestemming jûn.

Ferline wike gie noch in grutte delegaasje fan noardlike bestjoerders nei Den Haach om te protestearjen tsjin de plannen fan it ministearje. Dat hat, as je ôfgean op de ryksbegrutting, oant no ta net folle holpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)