Langferwachte út-winst Cambuur

30 okt 2004 - 00:00

Cambuur behelle freedtejûn tsjin Go Ahead Eagles de earste útoerwinning sûnt oardel jier. De 3-1 sege wie de twadde oerwinning fan dit seizoen. Dominique van Dijk skoarde út in strafskop, Chima Onyeike makke der 2-0 fan en de 3-0 kaam troch Rene van Rijswijk.

Go Ahead kaam noch op 3-1, mar Peter van der Vlag koe slimmer foarkomme troch in strafskop te stopjen. Moandei moat Cambuur tsjin VVV Venlo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)