'Langere oanrydtiid brânwacht'

19 nov 2008 - 19:51

Tsien gemeenten yn Fryslân fine dat de brânwacht in ferplichte oanrydtiid fan fyftjin minuten krije moat. Op dit stuit moat de brânwacht noch yn acht minuten by in brân of ûngelok wêze. Neffens de tsien gemeenten is dat op de measte plakken op it plattelân net te heljen.

By de tsien gemeenten sitte ûnder oare Eaststellingwerf en Opsterlân. De tsien hawwe ôfpraat omtinken foar it probleem te freegjen by de Twadde Keamer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)