Langer wachtsje op tongblierjild

27 apr 2005 - 17:23

Net-romme boerebedriuwen mei skea fan de tongblierkrisis yn 2001 moatte langer wachtsje op in fergoeding. In brief fan de provinsje leit op de ferkearde ôfdieling by de Europeeske Kommisje.

De provinsje hie him op 20 jannewaris oan it Ministearje fan Ynlânske Saken stjoerd. Dy stjoerde de brief fierder nei 'Europa'. Yn de brief be-antwurdet de provinsje fragen fan de Europeeske Kommisje oer de skeafergoedings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)