Langer ûntslachferbod Feenstra

10 jan 2013 - 06:25
  • Feenstra Verwarming op it Hearrenfean

Der wurde oant 1 oktober gjin minsken ûntslein by Feenstra Verwarming op It Hearrenfean. Dat hat de direksje woansdeitejûn tasein yn in petear mei de fakbûnen. De festiging fan Feenstra giet ein dit jier ticht. Yn it sosjaal plan is ôfpraat dat it bedriuw him der foar ynsette sil om twongen ûntslaggen foar te kommen.

Neffens it personiel komt dêr oant no ta net in soad fan op 'e hispel. Dêrom is der fan 'e wike in dei staakt. Nei oerlis tusken bûnen en de direksje is no ôfpraat dat it ûntslachferbod ferlingd wurdt fan 1 july oant 1 oktober.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)