Langer TBS yn moard Froubuurt

18 nov 2010 - 15:45

De man út Sint Anne, dy't yn 1999 yn Froubuorren Eddy Bakker fermoarde, moat noch ien jier TBS krije. Dat fynt de offisier fan justysje. Tongersdei bepleite de advokaat fan de feroardielde dat de man frijút giet. De tsjûge-saakkundige sei dat de man wol foarderingen yn de TBS-klinyk makket, mar dat der foar him earst in wenning en wurk fûn wurde moat.

De doe 23-jierrige Sint-Annebuorster brocht Bakker yn syn wenning mei messtekken om it libben.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)