Langer simmeriis op Thialf

25 mrt 2009 - 12:32
  • Dit jier langer simmeriis op Thialf

It reedrydseizoen is noch mar krekt ôfsluten, mar op Thialf wurdt al wer wurke oan in nije iisperioade. Op 18 maaie begjint it winterseizoen foar de reedriders en shorttrackers. De iishockeyhal sil spesjaal iepen wêze foar de shorttrackers.

Fan 27 juny ôf sil de 400 meterbaan seis wike iepen wêze foar de topsporters en rekreanten. Dat wie oars mar trije wike.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)