Langer opfang yn Boalsert frege

04 nov 2003 - 00:00

Boargemaster Vroegindeweij fan Boalsert wol de asylopfang yn 'e parkflat langer iepen hâlde. Se sil it COA en wenningstichting De Fryske Greiden freegje nei de mooglikheid om de flat twa moanne langer iepen te hâlden.

De 150 bewenners fan de Parkflat krigen dit boadskip tiisdei te hearren nei't se op it gemeentehûs in petysje oan de boargemaster oanbean hiene. It COA wol de flat slute en de minsken ûnderbringe yn de reguliere opfang.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)