Lange rigen foar Frans Bauer

27 mrt 2004 - 00:00

It rûn sneon stoarm by de start fan 'e foarferkeap foar twa konserten fan Frans Bauer yn 'e Harmonie. Mear as 130 minsken stiene oeren yn 'e rige foar in kaartsje fan in konsert yn novimber.

De earsten wiene der al moarns om acht oere. De man of frou mochten der op syn meast seis kaartsjes kocht wurde. De ferkeap sette om 12.00 oere útein. It gie yn Ljouwert net sa mâl as yn Breda, dêr't hûnderten Bauer-fans de hele nacht foar skouboarch Chassé wachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)