Lange Hjoed fanwege busûngelok

02 nov 2013 - 16:39
  • By it ûngelok wiene trije touringcars belutsen

Fanwege it slimme busûngelok op de A1 by Muiden komt Omrop Fryslân tv sneontejûn mei in ekstra lange edysje fan Hjoed. By it busûngelok rekken sneontemiddei sa'n tritich meiwurkers fan soarchorganisaasje De Friese Wouden en famyljeleden fan harren ferwûne. Foar in personielsreis wiene seis bussen mei sa'n 360 minsken ûnderweis nei musical Sister Act yn Skeveningen.

Trije fan de seis bussen rekken ûnderweis belutsen by in slim ûngelok. Yn Hjoed ek in reaksje fan direkteur Reinders fan De Friese Wouden fanút it krisissintrum yn Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)