Lange files nei ûngelok op A6

30 maaie 2014 - 12:42
  • Plysje

Ferkear op de A6 en de A7 moat by De Jouwer rekken hâlde mei in soad ferkearsoerlêst. Krekt foar tolve oere kamen op de A6 in auto en in frachtwein mei-inoar yn botsing. Ferkear dat fan De Lemmer nei De Jouwer wol, moat omride oer Sint Nyk.

Letter botsten twa oare auto's op inoar op de A7 fan Snits nei De Jouwer, wêrtroch ferkear op de A7 foar de rotonde ek stilstiet. Omdat bestjoerders massaal de binnendiken opsykje, stiet it ferkear hjir ek stil.

By it ûngelok op de A6 rekke in automobilist ferwûne. Dy waard nei it sikehûs op It Hearrenfean brocht. Op de A7 wiene gjin ferwûnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)