Lange file op Ofslútdyk

09 maaie 2008 - 16:36

Der stie freedtemiddei hast tweintich kilometer file op de Ofslútdyk. De file begûn ûngefear by it monumint en einige pas by Koarnwertersân. Oan de ein fan 'e dei wie de file 10 km.

De oarsaak is it wurk oan de dyk. Der komt in nije asfaltlaach op. Dêrom is der mar ien rydbaan iepen tusken Breesândyk en Koarnwertersân. It ferkear moat rekken hâlde mei in fertraging fan ien oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)