Lange file op A7 troch botsing

26 jun 2014 - 20:39
  • In lange file ûntstie nei in ûngelok by Fryske Peallen

In kettingbotsing op de A7 tusken Fryske Peallen en Marum hat tongersdeitejûn om seis oere foar in lange file soarge tusken Drachten en Grins. It ferkear stie hast stil oant en mei Drachten. Hoe folle auto's der krekt by de botsing belutsen wienen en oft der minsken ferwûne rekke binne is net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)