Lange achterfolging op A32

02 maaie 2008 - 10:07

In Rotterdammer (25) is tongersdei nei in lange achterfolging oppakt op de A32 by Grou. De man wie earder troch de plysje oanhâlden op It_Hearrenfean. Doe´t de plysje him om syn papieren frege, ried de man mei hege snelheid fuort. De plysje gie der achteroan.

Yntusken waard dúdlik dat de auto stellen wie. Nei in lange achterfolging wêrby´t de man ferskate blokkades ûntwykte, einige de rit nei in botsing mei in plysje-auto by Grou. De man is nei it plysjeburo brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)