Langdielbrêge oerenlang omheech

06 apr 2002 - 00:00

Fanwege it transport fan grutte skipsdielen fan Warten nei De Lemmer wie de Wâldwei sneon de hiele moarn ôfsletten. Om it transport mooglik te meitsjen waard de Langdielbrêge der út takele. Dat bart op dit stuit ien kear yn 'e 10 wike op fersyk fan skipswerf Bylsma.

It kostet de werf alle kearen 10.000 euro. Bylsma sjocht dan ek út nei de oankundige bou fan in akwadukt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)