Lang wachtsje op treplift

19 okt 2004 - 12:23

Smellingerlân hat de oanfraach fan in treplift net goed behannele. In ynwenner fan Drachten hie stipe frege foar in oanpassing fan de badkeamer en in treplift yn syn hûs. Neffens de dokters wie der in medyske needsaak.

Neffens it kolleezje wie it goedkeaper om te ferhúzjen. De bestjoersrjochter hat de Drachtster al yn febrewaris gelyk jûn. De man hat oant no ta noch neat fan de gemeente heard. It is no tasein dat de treplift der gau komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)