Lang wachtsje op jeugdsoarch

21 apr 2011 - 15:50

Bern wurde noch hieltyd net rap genoch holpen by Buro Jeugdsoarch. It duorret noch te lang foar't helder is wat der is. Dy yndikaasjestelling moat drastysk ynkoarte wurde, sa skriuwt de Noardlike Rekkenkeamer yn in rapport.

It rapport is in ferfolch op in earder ûndersyk út 2006. Doe waard dúdlik dat der kwalik sicht wie op de fraach nei soarch en wiene der lange wachtlisten. Dy problemen binne foar it grutste part oplost, sa konkludearret de Rekkenkeamer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)