Landustrie makket fizel foar wetterkrêftsintrale yn Brabân

21 sep 2015 - 20:22

It Snitser bedriuw Landustrie ûntwikkelet in fizel foar in wetterkrêftsintrale yn de rivier de Dommel by Sint Michielsgestel. Dy sintrale leveret enerzjy foar sawat 200 húshâldens. De twa fizels dy't Landustrie leveret, binne 4 meter yn trochsneed. Dy bin sa makke dat de fisk der gewoan trochhinne swimme kin.

Landustrie is dwaande mei it ûntwikkeljen fan in fizel as enerzjysintrale. Troch ferfal fan wetter wurdt dêr elektrisiteit mei opwekt. It bedriuw pleatste earder al ien yn Ingelân by Windsor Castle.

Ynkoarten wurdt in lytsere fizel pleatst yn it Wilhelminakanaal yn Tilburch. Dy produsearret safolle enerzjy dat de slûs enerzjyneutraal draaie kin. Yn Fryslân is ek belangstelling foar it projekt. It pleatsen fan fizels is hjir allinnich hast ûnmooglik om't der te min hichteferskil is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)