Landman wint maraton Thialf

15 nov 2004 - 17:31

Andres Landman hat snein yn Thialf op It Hearrenfean de sechsde KNSB-maraton wûn. De Amsterdamse reedrider fersloech yn de einsprint fan de kopgroep fan njoggentjin man Roel van Hest út Apeldoorn en Arjan Stroetinga fan Aldeberkeap.

Landman naam troch dizze oerwinning de lieding yn it klassemint oer fan Miel Rozendaal. De maraton fan sneon yn Grins waard wûn troch Jan Maarten Heideman. Stroetinga waard dêr fyfde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)