Landal wol mear fakânsjeparken

03 jul 2006 - 10:56

Landal Greenparks wol de kommende tsien jier noch tusken de trije en fiif fakânsjeparken bouwe yn Fryslân. Dat seit manager Jan ten Hoor fan Esonstad. It soe dan gean moatte om fakânsjeparken ticht by it wetter en mei in unyk konsept, lykas Esonstad.

Midden-Fryslân soe bygelyks in gaadlike lokaasje wêze. Esonstad by De Skâns oan de Lauwersmar is boud as in replika fan in âld festingstedsje. It is it earste Fryske park fan Landal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)