Landal Wetterpark Terherne bêste fan Nederlân

22 apr 2015 - 19:08
  • Landal Wetterpark Terherne

It Landal Wetterpark yn Terherne is woansdei yn Utert útroppen ta bêste fakânsjepark fan Nederlân. Dêrmei wûn it park in Zoover Award. Mei in 9.6 bleaun it park twa konkurrinten út Noard-Hollân en Oerisel foar. Der wie noch mear te fieren yn Terherne. It fakânsjepark Terherne Haven en bêd en brochje Villa Envie foelen ek yn de prizen.

Yn totaal wurdt by de Zoover Awards in kar makke út 7500 fakânsje-akkommodaasjes. Wetterpark Terherne hat de priis wûn op basis fan in goeie kombinaasje fan rêst en lúkse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)