Lânbouskoalle dochs monumint

24 okt 2007 - 16:55
  • Besjoch twa fan de Drachtster glês-yn-leadruten fan Van Doesburg

De eardere rykslânbou-winterskoalle yn Drachten is dochs ta ryksmonumint oanwiisd. De histoaryske feriening Smelne's Erfskip hat fiif jier oan it lobbyen west om dit rûn te krijen en hat sels rjochtsaken fierd tsjin it ôfwizen fan de monumintestatus. It gebou is ferneamd fanwege de bysûndere glês-yn-lead ruten fan keunstner Theo van Doesburg.

Koartlyn is der noch in soad praat oer de bestemming fan it gebou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)