Lânbouferkear yn oertreding

23 okt 2008 - 10:44

De plysje hat de ôfrûne moanne by in provinsjale kontrôle fan lânbouferkear dik 100 bekeurings útskreaun. It grutste diel fan de oertreders hie net de ferplichte warskôgings-trijehoeke oanbrocht. Fierder waarden bekeurings útskreaun foar te min ferljochting, in te brede of te lange lading en it ûntbrekken fan de goeie spegels.

De kontrôles geane de kommende wiken noch troch. De plysje kontrolearret ekstra fanwege it grutte tal ûngelokken mei lânbouferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)