Lânbouferkear hieltyd grutter

16 jun 2008 - 17:08

It lânbouferkear wurdt hieltyd grutter, mar it belied feroaret net. Boeren, politisy en Feilich_Ferkear_Nederlân binne it der allegear oer iens dat de sitewaasje mei trekkers op ´e dyk net feilich is.

Yn Bûtenpost wie moandei in byienkomst oer it lânbouferkear, organisearre troch de Steatefraksjes fan de PvdA en it CDA. Yn 2007 binne yn it hiele lân tolve minsken omkaam by ûngelokken mei lânboureau. Ek rekken 250 minsken ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)