Lânboublêd giet op yn nij blêd

25 mrt 2004 - 00:00

It Lânboublêd, bekend by hiel agrarysk Fryslân, ferdwynt. Alteast, it blêd giet op yn in nij blêd dat lânbou- organisaasje LTO-Noard útjaan sil. Ek it blêd Oogst giet op yn it nije blêd. LTO-Noard is noch yn oprjochting.

De trije noardlike lânbou-organisaasjes NLTO, GLTO en WLTO sille fusearje. Direkteur Van Vuren kin noch net sizze oft de fúzje ek redaksjonele plakken kostje sil. It nije blêd ferskynt wol yn ferskate edysjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)