Lânboubeurs dit jier grutter fan opset

09 des 2014 - 08:07

De 20e edysje fan de Noard-Nederlânske lânboubeurs yn it WTC Expo yn Ljouwert is dit jier ekstra grut fan opset. De beurs begjint woansdei en duorret oant en mei sneon. De beurs jout romte oan sa'n 250 eksposanten. Yn ferbân mei de grutte belangstelling is der in ekstra beurshal ynrjochte om te foldwaan oan de fraach.

Op de beurs steane in soad oansprekkende bedriuwen, mar ek de skoallen Van Hall Larenstein, it Nordwin College en de Dairy Campus binne fertsjintwurdige. Der wurdt ynset op op syn minst 25.000 besikers út binnen- en bûtenlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)