Lânboubeurs: 50.000 besikers

20 des 2007 - 16:00
  • De earste lânboubeurs yn Ljouwert: 50.000 besikers yn fjouwer dagen

De earste lânboubeurs yn it WTC EXPO yn Ljouwert hat syn doel helle. Der kamen 50.000 besikers op ôf. De beurs dy't gewoanlik yn Súd-Laren hâlden waard, lûkt besikers út hiel Nederlân en sels út Dútslân wei. De ferwachting wie dat de Dútsers Ljouwert te fier fuort fine soene.

In minpunt is de krapte oan parkearromte by de lânboubeurs. Tongersdei is de lêste dei. Doel is om oer twa jier wer sa'n beurs te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)