Lânbou-útwreiding mei regels

24 jun 2009 - 14:29

As in agrarysk bedriuw yn Fryslân útwreidzje wol, dan soe dy útwreiding oan provinsjale regels foldwaan moatte. No bepale gemeenten noch wat al en net kin, mar de provinsje wol dêryn mear ien lijn lûke.

Deputearre steaten wolle dat by de bou fan bygelyks in grutte stâl mear rekken hâlden wurdt mei it lânskip. Mei in spesjaal loket wol de provinsje de boeren dêrby helpe. Gemeenten soene de provinsjale regels tapasse moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)