Lân tichter by pleats

19 des 2008 - 11:06

Boeren yn Ferwerderadiel moatte har lân tichterby de pleats krije. Sa kinne de bedriuwen mear winst meitsje en lizze der nije kânsen. De gemeenteried gie tongersdei akkoart mei it plan fan oanpak, de saneamde Yntergrale Gebietsûntwikkeling.

Dy oanpak kin fergelike wurde mei de eardere ruilferkaveling. It ferskil is wol dat de bedriuwen yn Ferwerderadiel op frijwillige basis meiwurkje sille. Allinne as it om it algemien belang giet, kinne bedriuwen twongen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)