Lan Partygongers achter de pc

01 aug 2004 - 12:48

Yn Bûtenpost dogge 75 minsken mei oan de Lan Party. Al sûnt tongersdei sitte de dielnimmers, foar it meast jonges, yn de sporthal achter de kompjûter. De Lan Party is in feest dêr't allegear kompjûters op elkoar oansluten wurde yn in netwurk. Sa kinne se spultsjes dwaan of films en muzyk fan ynternet helje en mei elkoar útwikselje.

It feest duorret noch oant en mei sneontemiddei. It is de tredde kear dat de Outpost Lan Party hâlden wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)