Lampen by Alvestêdetocht

18 nov 2008 - 13:35
  • iismaster Jan Oostenbrug by de Bonke
  • De kreas ferljochte finish yn 1997

By de earstfolgjende Alvestêdetocht wurde parten fan 'e rûte ferljochte. Op twa gefaarlike stikken wurde om de 50 meter boulampen delset om it paad yn it tsjuster foar de reedriders te markearjen, moarns op 'e Sleattemermar en jûns op 'e Dokkumer Ie. Sa wol de feriening De Friesche Elfsteden ûngelokken foarkomme.

By de tocht yn 1997 binne ferskate dielnimmers ferwûne rekke trochdat se op 'e Dokkumer Ie it spoar bjuster rekken en de reitkraach ynrieden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)