Lamke trijeling yn 3 kleuren

05 mrt 2009 - 16:55

Bistedokter Ellen van der Laan yn Aldeholtpea seach yn de nacht fan woansdei op tongersdei frjemd op. Ien fan har skiep hie trije lamkes krigen mei allegear in oare kleur: wyt, read en swart.

It komt wol mear foar dat in skiep twa lamkes mei ferskillende kleuren krijt, mar trije is útsûnderlik. De mem dy't lamme hat is read en de heit is hielendal swart. Hoe't it kin dat der ek in wyt lamke tusken sit is in riedsel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)