Lama ûntsnapt út sirkus

09 apr 2010 - 09:48
  • De tinte fan sirkus Belly Wien

Ut de tinte fan Sirkus Belly Wien op It Hearrenfean is tongersdeitejûn in lama ûntsnapt. De lama naaide út ûnder in sirkusakt. Surveillearjende plysjes stiene by de stopljochten op de K.R. Poststrjitte doe't de lama foarby rûn.

De fersoargers fan it bist draafden der achteroan. De lama woe oanslutend sneldyk A32 oprinne, mar automobilisten koene it bist tsjinhâlde. De plysje ried him lang om let klem. De fersoargers hawwe de lama wer nei it sirkus werom brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)