Laden pistoal by fjochtpartij

20 apr 2007 - 12:51

It fjoerwapen dat tongersdei brûkt is by in fjochtpartij tusken twa manlju yn Ljouwert wie laden en der is ek besocht te sjitten. Dat docht bliken út ûndersyk. De jonge (17) bedrige it slachtoffer (18) mei in pistoal.

It slachtoffer koe it wapen ôfpakke, flechte en belle de plysje. Hy hie in stekfrijfêst oan. De twa jonges koenen elkoar en hienen al faker spul hân. Der is noch in man (32) oanhâlden. De twa fertochten sitte noch hieltyd fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)