Laboratoarium Vitens iepene

13 okt 2005 - 10:22

It grutste drinkwetterlaboratoarium fan Europa is woansdei offisjeel iepene yn Ljouwert. It is in lab fan wetterbedriuw Vitens. Hjir sil 60 persint fan it drinkwetter fan Fryslân, Oerisel en Gelderlân kontrolearre wurde op kwaliteit.

Fierder wurket it lab foar swimbaden en kommersjele bedriuwen. Der wurde 200.000 wettermeunsters yn it jier besjoen en der wurkje hûndert minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)